hiemside

Aktiviteiten yn 2022

06 – 11 – 2021 Marco en Rixt Rypma
15– 01 – 2022 Sprekker noch geheim oer in nijsgjirrich ûnderwerp.
Dêrnei jiergearkomste en breamiel.
Begjin 15:00 oere yn de Fermanje, Meppel.
19 – 03 – 2022 Grutte jûn yn De Schalle
Programma: Ferrassing
05 – 11 – 2020 Hjerstjûn yn De Schalle. Program noch net bekind.
16 – 09 – 2023 Frysk Boun om Utens 100 jier
lês fierder....
Aktiviteiten fan ús Grinslanner susterferiening yn Meppel, de Grunneger Club “Aigen-Haimers”. Us beider aktiviteiten binne iepenbier, mar de Fraizen binne by de Grunnegers en de Grinzers by de Friezen ekstra wolkom, net wier?
Foar guon aktiviteiten moat yntree betelle wurde.

top

“Frysk Boun om Utens 100 jier”

16 septimber 2023

2023 - net samar in getal – 2023 is it jier, dat it Frysk Boun om Utens 100 bestiet.

In tariedingskommisje, besteande út Teatske Haanstra-Bosma fan Assen, Jolanda Lootens-Berg fan Swol, Hans Groenhof fan Assen, Jan Bosgraaf fan Swol, Jan Bijkerk fan Lelystêd en Kees van der Beek fan Hurderwyk, hawwe begjin novimber in earste gearkomste hân om ris te besjen hoe’t it FBoU foarm jaan kin oan dit jubileum.

In datum is al fêstlein: sneon 16 septimber 2023.

Wêrom no al sa’n drokte meitsje oer wat noch safier fuortleit.....

De kommisje is fan betinken, dat de tiid jin faak tusken de fingers troch glipt. Minsken/organisaasjes dy’t wat betsjutte kinne, moat men op ‘e tiid witte litte wat men wol.

No wol de kommisje net allinnich betinke wat en hoe’t wy dy 100 jier fiere sille. Dêrom hawwe wy in berop dien op alle Friezen om utens om mei te tinken oer wat en hoe’t wy as FBoU hjir in grut feest fan meitsje kinne. Hawwe jimme noch nije ideeën of suggesjes, of tinke jo in eigen bydrage, yn hokker foarm dan ek, leverje te kinnen – jou it troch oan de skriuwer fan it FBoU: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl – alles is wolkom!

Ein jannewaris 2020 kaam de kommisje wer byinoar. Hja ha dan op in rige setten wat der troch jimme oanrikke waard.

Ut namme fan de kommisje freonlike groetnis,
Kees van der Beek
Beemdweg 29, 3852 XC ERMELO
tel. 0341 – 559343 / mob. 06 - 39877465
skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl / www.fryskbutenfryslan.frl