hiemside
Donkey Tandem
4 novimber yn De Schalle
It duo Donkey Tandem bestiet út Dries Woudstra (gitaar en sang) en Dictus Hoogsteen (akkordeon en sang). Tegearre bringe se in programma fan Frysktalige - en faak ek troch harren sels makke - ferskes om nei te harkjen, dy’t elts in ferhaaltsje fertelle. Soms giet it oer in stikje skiednis, dan wer oer in persoan, in inkelde kear in mearke, dan wer in liet mei humor… Om koart te gean: ferskes oer leafde, libben, gelok, fertriet, jong en âld, boeren, boargers en bűtenfolk.... gean sa mar troch.
Mear ynformaasje
Mear op Facebook (www.facebook.com/donkeytandem). Dat webstek is yn it Hollânsk, mar de measten fan ús leden kinne dat wol ferstean, net wier?
Datum en plak
Datum: sneon 4 novimber 2023, 20:00 oere jűns.
Plak: Doarpshűs "De Schalle", Nieuweweg 27, 7948 AA Nijeveen, till. 0522 - 491422.
Yntree (ynklusyf 3 konsumpsjes): € 6,50 foar leden, € 16,50 foar net-leden.
Ferfier
As der minsken binne dy’t it ferfier wat nuodlik fine, dan graach by it bestjoer melde. Lyksa wurde minsken socht dy’t helpe wolle by it ferfieren fan leden.