hiemside

Aktiviteiten yn 2020

11 – 01 – 2019 Nijjoarsverziede mit Abel Tasmankoor oet Sebaldeburen (Aigen-Haimers)
18 – 01 – 2020 Sprekker Bearn Bilker oer de Oranjes en adelshuzen
Dêrnei jiergearkomste en breamiel.
Begjin 15:00 oere yn de Fermanje, Meppel.
29 – 02 – 2020 “De man fan dyn libben”.
Jan Arendz, Marijke Geertsma en Anke Bijlsma
(Frysk Selskip Swol)
07 – 03- 2020 Veurjoarsverziede.Optreden deur toneelgroep Con Amore. Opvoerd wordt t spel ‘Eelt veur de Kop”.
Begjin 19:30.
foarjier 2020 Grutte jûn yn De Schalle
Akkrumer Dreamteater mei it stik “Doazen”, in ferfolch op “Mutsen”.
Lês fierder....
Fanwegen Corona ferskowe wy dizze aktiviteit
28 – 03 – 2020 Frysk Boun om Utens: algemiene ledegearkomste yn De Haach. Gastjouwer “Rjocht en sljocht” bestiet dan 120 jier.
16 – 05 - 2020 Aigen-Haimers: Busraais naor Grunnegerlaand.
16 – 05 – 2020 Noardfryslân-Denemarkenreis fan “De Fryslannen”, oantemei 22 maaie.
lês fierder....
07 – 11 – 2020 Hjerstjûn yn De Schalle. Program noch net bekind.
18 – 12 – 2020 Fryske Krite “Us Memmetaal” yn Assen bestiet 90 jier.
16 – 09 – 2023 Frysk Boun om Utens 100 jier
lês fierder....
Aktiviteiten fan ús Grinslanner susterferiening yn Meppel, de Grunneger Club “Aigen-Haimers”. Us beider aktiviteiten binne iepenbier, mar de Fraizen binne by de Grunnegers en de Grinzers by de Friezen ekstra wolkom, net wier?
Foar guon aktiviteiten moat yntree betelle wurde.

top

Spylsters MUTSEN los mei DOAZEN!!

N.B. Oarspronklik 21 maart 2020 yn de Schalle (Nijeveen), mar fanwegen ûnwissens oer Corona ferskood.

Twa jier lyn hat it Akkrumer Dream Theater de minsken fan Akkrum en omkriten, mar ek rûnom yn it lân in protte toaniel-leafhawwers, prachtige jûnen besoarge mei it stik ‘MUTSEN’, skreaun troch Christa Warmerdam.
MUTSEN giet oer 5 susters, dy’t elts jier in wykeintsje mei inoar op fakânsje gean. As se wer in wykein mei elkoar op paad binne komt de sechde suster, dy’t jierren net mei west hat, foar it ljocht. Dit jout fansels in protte argewaasje, mar fansels komt it op de ein allegear wer goed.
MUTSEN is al mei al 11 kear suksesfol opfierd en raasde al gau om in weardige opfolger. It wie foar de spylsters mar dreech om in passend stik te finen en de iennichste mooglikheid wie om sels oan’e slach te gean: sels in stik te meitsjen. It winterskoft fan 2018-2019 binne de froulju (Joke Poortman, Hennie Rorije, Nynke Bergsma, Yteke van der Wal, Nynke Bosma en Anneke Wiersma) al ymprovisearjend oan it wurk gien ûnder lieding fan harren regisseuze Margreet Boer.
Dit foarme it ramtwurk foar it stik ‘DOAZEN’, wat dêrnei skreaun is fan spylster Anneke Wiersma.

Yn ‘DOAZEN’ sjogge wy hoe’t it de seis susters fierder fergiet. Wat hawwe se by de ein? Binne de ferhâldings noch hieltiid goed? Wat binne harren plannen en dreamen? Der is fansels wer in protte te dwaan ûnderling, mar dat kin fansels ek net oars mei seis hiel ferskillende froulju.......
Yn ‘DOAZEN’ sjogge we it ‘gewoane’ deistige famyljelibben yn al syn fasetten: âld sear, ôfgeunst, wille, leafde, proaste, mar boppe alles soarch foar en ferbûnens mei elkoar.


top

Noardfryslânreis

16 maaie – 22 maaie 2020

Reisferiening “De Fryslannen” organisearret ek dit jier wer in moaie reis nei Noard-Dútsklân en Denemarken.
Kosten € 595, dêrby ynbegrepen: bus, hotel (“Landhaus Smaga” yn Süderlügum), moarnsbrochje, waarm iten, kofje mei traktaasje, yntrees en de foaiepot. Foar in middeisbrochje moat men sels soargje. De reiskommisje hat wier in nijsgjirrich program gearstald. It sjocht der prachtich út!

Op de hinnereis nei Süderlügum begjint op sneon 16 maaie mei in besite oan de tsjerke fan Varel, foarôfgien fan in kofjestop yn it Schlosscafé dêre. De dagen dêrnei: in tsjerketsjinst, in besite oan it Andersenhûs (fan’e Frasche Feriin for e Ååstermååre) yn Klockries. Dan in rûnlieding yn KZGedenk- und Begegnungsstätte Ladelund oer 75 jier befrijing fan it NS-rezjym en ite mei de Noard-Friezen by Fegetasch yn Neukirchen. Fan Rømø mei de boat nei Söl (Sylt).
De tiisdeis wurdt it Nordfriisk Instituut yn Bräist (Bredstedt) besocht lykas it Auto- en Barnstienmuseum dêre. En dan noch in noflike jûn mei sankjes, ferhaaltsjes, gedichtsjes ensfh. Ek wurdt nei jierren werris it slot Egeskov yn Kværndrup besocht. Lyksa yn Denemarken is it bunkermuseum Tirpitz in Blåvand. Net te ferjitten oargelmuzyk fan sjofeur Doede op it oargel yn Süderlügum. Op de lêste dei, freed 22 maaie, wurdt noch in stop makke by it Multimar yn Tönning. En fansels it ôfskiedsmiel by de Deterner Krug yn Detern en dan is elts de jûns wer thús.

Foar it komplete programma, of mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei by frou Bonny Poelstra - Dijksma, Ysgumerwei 1a, 8764 PS Dedzjum, tel.0515 - 579133, of e-mail dbpoel@ziggo.nl.
Opjefte/ynfo foar 1 maart 2020.


top

“Frysk Boun om Utens 100 jier”

16 septimber 2023

2023 - net samar in getal – 2023 is it jier, dat it Frysk Boun om Utens 100 bestiet.

In tariedingskommisje, besteande út Teatske Haanstra-Bosma fan Assen, Jolanda Lootens-Berg fan Swol, Hans Groenhof fan Assen, Jan Bosgraaf fan Swol, Jan Bijkerk fan Lelystêd en Kees van der Beek fan Hurderwyk, hawwe begjin novimber in earste gearkomste hân om ris te besjen hoe’t it FBoU foarm jaan kin oan dit jubileum.

In datum is al fêstlein: sneon 16 septimber 2023.

Wêrom no al sa’n drokte meitsje oer wat noch safier fuortleit.....

De kommisje is fan betinken, dat de tiid jin faak tusken de fingers troch glipt. Minsken/organisaasjes dy’t wat betsjutte kinne, moat men op ‘e tiid witte litte wat men wol.

No wol de kommisje net allinnich betinke wat en hoe’t wy dy 100 jier fiere sille. Dêrom dogge wy in berop op alle Friezen om utens om mei te tinken oer wat en hoe’t wy as FBoU hjir in grut feest fan meitsje kinne. Hawwe jimme ideeën of suggesjes, of tinke jo in eigen bydrage, yn hokker foarm dan ek, leverje te kinnen – jou it troch oan de skriuwer fan it FBoU: skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl – alles is wolkom!

Ein jannewaris 2020 komt de kommisje wer byinoar. Hja sette dan op in rige wat der troch jimme oanrikke wurdt – stjoer dêrom alles foar 1 jannewaris 2020 op nei boppesteand e-postadres.

Yn it foar tige tank foar jim meitinken – jim wurde op'e hichte holden!

Ut namme fan de kommisje freonlike groetnis,
Kees van der Beek
Beemdweg 29, 3852 XC ERMELO
tel. 0341 – 559343 / mob. 06 - 39877465
skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.frl / www.fryskbutenfryslan.frl