hiemside

Mindert Wynstra - ferhaleferteller, skriuwer, dichter

14 jannewaris 2017 yn de Fermanje te Meppel

Mindert Wijnstra (1945, Lippenhuzen)

Ferhalefertelle is de keunst om it publyk mei te nimmen yn de wrâld fan de ferbylding.
Mindert Wijnstra ferstiet dy keunst as gjin oar en fertelt ferhalen oan jong en âld, binnen of bűten, by in kampfjoer, op in boat of kuierjend troch de bosk.
In goed ferhaal fermakket de minsken net allinnich, it ferbynt ek, bringt minsken tichter by elkoar. Ferteller en publyk diele mei-elkoar in bysűndere űnderfining.

Yn dit programma nimt hy de oanwęzigen ‘yn gedachten’ mei nei bekinde en minder bekinde plakken yn Fryslân. Troch de spannende wize fan fertellen sil it de measten gjin muoite kostje om mei op reis te gean, bygelyks mei it betsjoende skűtsje, dat net foarút te brânen is, of mei de jonker fan Harkemastate, dęr’t allinnich de deadsholle fan weromkomt…

It grutste part fan dizze ferhalen spylje yn Fryslân en der binne altyd wol in pear by út it plak of de krite węr’t ferteld wurdt. Mindert Wynstra is goed op ‘e hichte fan lokaasje-ferhalen. Yn 1997 publisearre hy de bondel ‘It Kweade Wiif fan Hylpen’ mei sechstich ferhalen dęr’t noch spoaren fan werom te finen binne yn doarp of stęd, lykas it Sint Petrusbyld fan Warkum, it poepekrús fan Hurdegaryp of de Moardnersbeam by Balk.

Njonken it wurk as ferhaleferteller is Mindert Wijnstra aktyf as skriuwer fan boeken, ferhalen en teksten foar bern.

Mear ynformaasje



Kritejűn 14 jannewaris 2017

17:30Breamiel
19:00Jiergearkomste
20:00Mindert Wynstra mei folksferhalen

Boeketafel
Kom allegearre!
Sjoch foar mear ynformaasje it Kritelűd.

Breamiel – opjefte by it bestjoer

De ideale gelegenhyd om ris noflik by te praten en nije minsken kinne te learen. Fansels ha wy ek Fryske sűkerbôle!
Jimme kinne jim noch opjaan oant 11 jannewaris ta: fia de tillefoan, oer de post of per mail. Kosten foar dielname binne € 12,50 de persoan.

Datum, plak en kosten

Sneon 14 jannewaris 2017, 20:00 oere jűns.
Yn de Fermanje oan de Vledderstraat 20 yn Meppel

Dielname breamiel € 12,50.
Foar de drankjes betellet eltsenien € 2,50 foarôf.
Net-leden drage foar de sprekker € 5,00 by yn de kosten, yn totaal dus € 7,50.

De Fermanje oftewol Mennistetsjerke is dus it gebou fan de “Doopsgezinde en Remonstrantse Gemeente”. Wy sitte yn de boppeseal.